Sionsberg lêste yn sikehûslist

04 okt 2014 - 10:50

De Fryske sikehuzen skoare yn it algemien net bêst yn de sikehûs top 83 fan it Algemeen Dagblad. De Sionsberg yn Dokkum einiget sels as lêste. De Tsjongerskâns op It Hearrenfean einige op it 79e plak. It MCL yn Ljouwert is mei it 18e plak noch it bêste Fryske sikehûs.

Nij Smellinghe yn Drachten stiet op it 32e plak, it Antonius yn Snits stiet 39e. It AD makket foar de top 83 gebrûk fan gegevens fan de Ynspeksje foar Sûnenssoarch en medyske ferieningen. Akademyske sikehuzen telle net mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)