Autobrân yn Ljouwert
In hast 40 jier âlde Chevrolet Corvette is sneontemoarn by in brân yn de Ikestrjitte yn Ljouwert ferlern gien. De brân is nei alle gedachten oanstutsen. De brânwacht waard om fiif oere warskôge, mar koe net foarkomme dat de auto útbaarnde. De eigener hie de auto noch mar twa wike.
De plysje docht ûndersyk en ropt tsjûgen op harren te melden.