Drok by skriuwers yn snackbar

03 okt 2014 - 23:13

Yn snackbar 't Fliet op it Fliet yn Ljouwert wie freed in lyts literêr festival. Bekende skriuwers as Peter Buwalda, Sylvia Witteman en Nico Dijkshoorn liezen foar út eigen wurk, tusken de patat en de kroketten troch. Der wie aardich wat publyk en op syn minst safolle media. Neffens eigener fan de kafetaria Sjors Feenema wie it in 'út de hân rûn grapke.' Mar dit makke de geselligheid der net minder om yn Ljouwert.

Nico Dijkshoorn fûn it konsept sels sa leuk, dat er dit wol troch it hiele lân dwaan wolle soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)