Grutte drokte op shorttrackiis

Shorttrackferiening Trias hat der it ôfrûne jier inkele tsientallen nije leden bykrigen. Oarsaak binne de goeie prestaasjes fan de Nederlânske shorttrackers by de Olympyske Spelen. Shorttrack is dêrtroch folle populêrder wurden. De oare kant fan it ferhaal is dat it freedtejûn kringen wie by de treningen fan de klup yn de Ljouwerter iishal.
Neffens it bestjoer fan Trias is der dan ek gjin romte mear foar noch folle mear nije leden. Wol is it bestjoer tige wiis mei de groei.