Avezaat: "Jild komt wol werom"

03 okt 2014 - 17:13

Direkteur Stef Avezaat fan De Lawei hat der alle betrouwen yn dat de skouboarch de ekstra kosten dy't ûntsteane troch it skeel mei boubedriuw Van Norel by de boaiemprosedure as noch ferhelje kin op de bouwer. It giet om in bedrach fan 3,7 miljoen.

Avezaat is bliid dat de retinsje no einliks fan it bouplak ôf giet, sadat der trochset wurde kin mei de bou fan it nije teater. De direkteur hie al rekken holden mei it feit dat der in bankgarânsje jûn wurde moast. Wol hie er hope dat er de betelling fan de rekkens opskowe mocht.

De Lawei sil sa gau as mooglik útein sette mei de boaiemprosedure tsjin Van Norel, wêryn't ûndersocht wurdt oft de kwaliteit fan it levere wurk yndie ûnder de maat wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)