Ite oan langste tafel Drachten

Alderenorganisaasje Sûnenz yn Drachten docht freedtemiddei mei oan 'de langste tafel'. Op meardere plakken yn it lân skowe minsken oan, oan in lange yttafel. Doel is minsken meielkoar te ferbinen. De langste tafel wurdt holden yn it ramt fan de Wike fan de Smaak en de Wike tsjin Iensumens.
De iters yn Drachten krije in skippersmiel foarset, ek is der live muzyk.