Gjin kontrakt foar Almeida
SC Hearrenfean jout staazjerinner Gabriel Almeida gjin kontrakt. De 18-jierrige Braziliaan liet neffens Hans Vonk in goede yndruk achter, mar is gjin direkte fersterking foar it alvetal fan coach Dwight Lodeweges.
Hearrenfean ynvestearret leaver yn harren eigen jeugdoplieding.