H'fean sûnder Marzo en Larsson

De kâns is grut dat Doke Schmidt de skorste Stefano Marzo sneon ferfange sil yn de wedstriid tusken SC Hearrenfean en Willem II yn Tilburg. Trainer Dwight Lodeweges woe net befêstigje dat Schmidt yn de basis begjint, mar sei wol dat it logysk wêze soe.
De rest fan it alvetal sil itselde wêze as tsjin PSV. Joey van den Berg hie dizze wike noch wol wat lêst fan syn hamstring, mar hy die op de lêste training gewoan mei. Sam Larsson docht net mei tsjin Willem II. De oanfaller begûn dizze wike wol wer mei de training, mar hy krige in weromslach.
Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Nordfeldt; Schmidt, Buijs, Van Aken, Van Anholt; De Roon, Sinkgraven, Van den Berg; Slagveer, Uth en Thorsby.