Van Norel: "Fielt as winnen"

03 okt 2014 - 14:30

Boubedriuw Van Norel sjocht himsels as winner by de útspraak fan de Ried fan arbitraazje foar de bou. Dat seit direkteur Hans van Norel. It bedriuw út Epe is bliid dat de Lawei yn Drachten 2,3 miljoen euro betelje moat oan iepensteande rekkens, ek al wie om sawat 6 ton ekstra frege.

Neffens Van Norel duorret it noch wol in pear dagen foardat it bouplak frijjûn wurdt. De sinten moatte earst oermakke wurde, wêrnei't de stegers noch hielendal ôfbrutsen wurde moatte. Van Norel seit dat dat noch in soad wurk is.

De útspraak fan de arbitraazje foar de bou fan freed betsjut net dat de Lawei definityf foar alle kosten opdraait. Yn in boaiemproseduere moat noch útfochten wurde oft Van Norel flaters makke hat of net. Wilens hat Van Norel in soad imagoskea oprûn, sa erkend Hans van Norel. Hy seit lykwols dat der noch gjin grutte opdrachtjouwers ôfheakke binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)