Hearrenfean slút ôf mei winst

03 okt 2014 - 14:19

De gemeente Hearrenfean hâldt oan de ein fan dit jier 4 miljoen euro oer. Dat jild wurdt taheakke oan it eigen fermogen. Dat wie begjin 2013 noch goed 26 miljoen euro yn de min. Wethâlder Jelle Zoetendal hopet dit tekoart oan de ein fan dit jier werombrocht te hawwen oant 9 miljoen euro yn de min. De gemeente ferheget dêrom de OZB takom jier mei 6,6 prosint.

Zoetendal ferwachtet dat Hearrenfean ek yn 2015 noch ûnder finansjeel tafersjoch stiet fan de provinsje. De gemeente kaam yn problemen troch tsjinfalllende kavelferkeap foar nijbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)