Lucas Bijker werom by Cambuur

03 okt 2014 - 13:43

Lucas Bijker stiet sneon wer yn de basis by SC Cambuur. De sintrale ferdigener is werom nei in skorsing. Cambuur spilet sneon thús tsjin FC Dordrecht. In belangrike wedstriid dy't neffens trainer Henk de Jong trije punten opsmite moat.

De Cambuur-trainer woe fierder neat sizze oer de opstelling. De efterhoede is dúdlik mei Pereira, Bijker, Reijnen en Vytas. Wa't der op it middenfjild en foaryn spylje sille, woe de trainer noch net sizze. Ut de lêste training wie dat ek net op te meitsjen. Michiel Hemmen is foar trije wedstriden skorst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)