Grut ferlet fan pleechgesinnen

03 okt 2014 - 12:03

Jeugdhulp Friesland hat grut ferlet fan nije pleechgesinnen. It tal bern dat in pleechgesin siket, is de lêste jierren bot tanaam. Neffens Janine Siebesma fan Jeugdhulp Friesland wiene der tolve jier lyn 275 pleechbern. Dat binne der der no al 800.

Sneontemiddei hâldt Jeugdhulp Friesland in iepen dei yn harren kantoaren yn Ljouwert, Snits en Drachten. Minsken dy't ynteresse ha yn de pleechsoarch én plak ha foar bern dy't net mear thús wenje kinne, kinne dan fragen stelle oan de pleechâlders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)