Bakkerij Tjoelker wer los

Nei trije moannen fan ferbouwen komt der fan freed ôf wer bôle út de oven fan Bakkerij Tjoelker yn Drachten. De bakkerij hat sûnt july ticht west nei in grutte brân. Troch koartsluting yn ien fan de ovens gie yn de nacht fan 10 op 11 july in grut part fan de bakkerij ferlern.
Freedtemoarn koene foar it earst de nije ovens oan it wurk setten wurde. De earste produkten binne no klear, mar de winkel giet pas nije wike tongersdei wer iepen foar it publyk.