FNP-fragen oer SNN-subsydzje

FNP © Omrop Fryslân
De steatefraksje fan FNP makket him soargen oer de útfiering en de tasizzing fan subsydzje fan SNN foar twa grutte Ljouwerter projekten. It giet om de wetterkampus Wetsus en de revitalisearring fan it kantoarekompleks oan de Tesselschadestrjitte.
Neffens de FNP stiet yn de lêste beslútelist fan SNN, it gearwurkingsferbân yn Noard-Nederlân, dat fertsjinwurdigers fan Drinte en Grinslân in finansjele bydrage blokkearje. De FNP wol no dúdlikheid dat de projekten útfierd wurde kinne mei de earder taseine subsydzje.