Ljouwerters rêden út portyk

03 okt 2014 - 10:32

De brânwacht is freedtemoarn yn aksje kaam fanwege slimme reekûntwikkeling yn in portykflat oan de Dirk Boutsstrjitte yn Ljouwert. Neidat bewenners fan in flat in panne te lang op it fjoer stean lieten, kaam de wenning fol reek te stean. De brânwacht helle twa minsken út de wenning.

Ek de oare bewenners fan de flat moasten út foarsoarch nei bûten ta. De bewenners binne ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânsetsjinst om't se in soad reek binnen krigen hiene. De panne is nei bûten brocht en de wenning is dêrnei fentilearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)