Leaddieven pakt nei stellerij

Boeien © ANP XTRA
In 26-jierrige man fan De Harkema en in 56-jierrige man út Koatstertille binne tongersdeitemiddei oanholden foar it stellen fan lead. Tsjûgen seagen hoe't de beide manlju oan de Waling Dykstrastrjitte yn Bûtenpost lead fan in karre pakten en yn harren eigen auto leinen.
Doe't de manlju hjir op oansprutsen waarden, leinen se in part fan it lead wer op de karre en naaiden doe út. Op oanwizings fan de tsjûgen koe it dieveduo rap oanhâlden wurde. Dêrby fûn de plysje in sek mei lead, dy't de manlju nei alle gedachten stellen ha yn Bûtenpost.
It twatal sit noch fêst op it buro yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.