Kontrakt Jeroen Lumu opsein

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei Jeroen Lumu opsein. De oanfaller en de klup hienen in ferskil fan miening oer de profesjonele opstelling fan Lumu. De oanfaller stie sûnt 21 augustus ûnder kontrakt by SC Hearrenfean.
Earder spile Lumu by Ludogorets (Bulgarije) en by Willem II. Ek by dy klup hie Lumu al problemen. De oanfaller is dêr meardere kearen weromset nei it belofte-alvetal.