Brommerkontrôle yn Ljouwert

03 okt 2014 - 09:56

De plysje hat tongersdei op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert ferskate brommers kontrolearre. Fan de 25 brommers rieden der tolve te hurd. By twa brommers hienen de eigeners gjin jildige papieren en ien brommer waard yn beslach naam om't de eigener noch in boete betelje moast.

De kontrôle waard holden yn gearwurking mei studinten fan ROC Friese Poort. Letter op de jûn waard ek noch in alkoholkontrôle holden op de Keizersgracht en de Heliconwei. Der waarden 565 bestjoerders kontrolearre, mar gjinien hie te folle dronken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)