"Gjin stipe Riis: gjin opfang"

As der folslein gjin draachflak yn it doarp is foar it opfangen fan asylsikers yn Mooi Gaasterland yn Riis, dan sil it plan net trochgean. Dat sei boargemaster Arie Aalberts fan De Fryske Marren tongersdeitejûn op de drokbesochte ynformaasjebyienkomst yn it doarp. De gemeente kin de komst foar in asylsikersopfangplak formeel lykwols net tsjinhâlde.
Oant no ta hat de gemeente ien petear hân mei it COA. It kolleezje stiet posityf tsjinoer it plan en wol serieus yn petear. Mar der binne wol dúdlike betingsten.
Op de ynformaasjejûn koenen de ynwenners fragen stelle oan it kolleezje fan b. en w. oan eigener Tom Genee fan Mooi Gaasterland. Ut de fragen die ûnder oare bliken dat Genee sels kontakt opnaam hat mei it COA om harren te wizen op de mooglikheid om yn Riis asylsikers op te fangen.
Nije wike is der wer in petear tusken it COA en de gemeente. Neffens it plan komme der 300 asylsikers nei Riis foar de perioade fan 3 oant 5 jier. Ek leit der in fraach fan it COA by de gemeente De Fryske Marren oer in permanint asylsikerssintrum yn de gemeente.