Snits hat earste stedsoanjager

Snits hat fan dizze moanne ôf in citymanager, ofwol in stedsoanjager. Dizze oanjager moat der yn oerlis mei de ûndernimmers foar soargje dat de stêd mear besikers lûkt en dat sa de regiofunksje fersterke wurdt. Ek Boalsert krijt ynkoarten in stedsoanjager.
De gemeente Súdwest-Fryslân hat him de ôfrûne fjouwer jier benammen rjochte op de doarpen. Mei de stedsoanjager komt de fokus no mear op de stêden. Dy binne fan grut ekonomysk belang foar de gemeente en dêr wennet boppedat de helte fan de ynwenners.