Ferkearsregelers yn Drachten

02 okt 2014 - 16:26

De komst fan de Mediamarkt en The Sting hat it ôfrûne wykein foar grutte ferkearsproblemen soarge yn it sintrum fan Drachten. De nije parkeargaraazje ûnder it Riedhúsplein koe de drokte net oan en it ferkear siet sa no en dan flink fêst. Om werhelling foar te kommen nimt de gemeente Smellingerlân no ferskate maatregels.

De ynset fan ferkearsregelers en it oanpassen fan de foarrangssituaasje moat de trochstreaming befoarderje, seit wurdfierder Henry Frieswijk fan de gemeente Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)