Rotte kies Snits wurdt opknapt

02 okt 2014 - 16:09

De rotte kies fan it sintrum fan Snits wurdt opknapt. It giet om it gebou op de hoeke fan de Easterkade en de Ljouwerterwei. It gebou stiet der al jierren fertutearze by, omdat net ien der takomst yn seach. No hat de Friso bougroep besletten der apparteminten en winkelromtes yn te meitsjen.

Tagelyk wurdt it krúspunt fan de Ljouwerterwei opknapt. De stopljochten ferdwine, it krúspunt wurdt dan in plein. Ek de stopljochten by it Normandiaplein ferdwine. Ferkear fanút de rjochting Ljouwert kin dan makliker by it sintrum fan Snits komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)