Nije klaaikeamers rugbyklup

02 okt 2014 - 14:29
  • Nije klaaikeamers foar de Feanster rugbyklup
  • Harkje nei foarsitter Hans Weinberg

De bou fan twa nije klaaikeamers fan de Feanster Rugby Klup kin trochgean. It kolleezje fan b. en w. fan Hearrenfean is ree om dêr jild foar te jaan. De rugbyklup wol al hiel lang nije klaaikeamers hawwe op sportkompleks De Buitenbaan.

Tagelyk wurde no ek de besteande klaairomtes opknapt. De Feanster Rugby Club is de lêste tiid bot groeid en hat no 90 leden.

Trefwurden: 
rugby klaaikeamers
(advertinsje)