Man tankt sûnder te beteljen

02 okt 2014 - 10:07

In Boalserter(28) is woansdei oppakt foar it stellen fan brânstof. De man hie by it tankstasjon oan de Geert Knolwei op De Jouwer tankt en wie fuortriden sûnder te beteljen. De plysje fûn de auto werom op de Boalserterbaan yn Snits. Dêr siet in frou yn de auto, mar út ûndersyk die bliken dat sy neat mei de brânstofstellerij te krijen hie.

De Boalserter wie de eigener fan de auto, hy is letter oppakt. Yn de auto fûn de plysje ek noch falske kentekenplaten. Boppedat tinkt de plysje dat de man al faker tankt hie sûnder ôf te rekkenjen.

Trefwurden: 
tanke brânstofdief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)