Heech wetter yn Idzegea

02 okt 2014 - 09:43

In proef mei tydlike ferheging fan it wetterpeil op 160 bunder boerelân by Idzegea is dizze maitiid goed slagge, seit Klaas Oevering fan Skriezekrite Idzegea. It pakt goed út foar de greidefûgels en ek de boeren koene der mei út de fuotten. It like sels noch mear gers op te smiten as oars. It drûge waar hat hjir wol by holpen.

In heger wetterpeil kin der foar soargje dat boeren minder maklik mei swier ark it lân op kinne, mar dat wie no gjin probleem. Oevering tinkt dat yn mear feangreidegebieten it peil sûnder problemen omheech kin.

It sil wol altiten maatwurk bliuwe, neffens Oevering. As it oan de Idzegeaster Skriezekrite leit wurdt de proef takom jier noch mei in ekstra polder útwreide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)