Kantate foar Jan Ritskesjier

02 okt 2014 - 08:02

In kantate sil sneintemiddei om fjouwer oere yn de Petrustsjerke fan Twizel de ôfsluting wêze fan it Jan Ritskesjier. Jan Ritskes Kloosterman wie dichter út Twizel. Hy is eksakt hûndert jier lyn ferstoarn. 2014 is dêrom foar minsken út Twizel en omjouwing it Jan Ritskesjier.

Earder is der al in boek publiseard, in poëzynacht hâlden en hat der in dichtwedstryd west. De kantate is gearsteld troch Eppie Dam. Hy brûkte dêrfoar Kloosterman's gedicht 'De Skepping'. Komponist Jan de Jong hat de muzyk foar it stik skreaun.

Bern fan de basisskoallen De Wyngert yn Drachtsterkompenije en De Finne fan De Rottefalle dogge ek mei. Der folgje ek noch optredens yn Stynsgea en Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)