Grutte oarder foar busbouwer

Busbouwer VDL op It Hearrenfean hat in miljoene-oarder krigen. It bedriuw sil de kommende tiid 164 bussen foar Arriva bouwe. Dy moatte fan 14 desimber ôf yn Brabân ride. De oarder betsjut wurk foar 100 ekstra personielsleden. It giet neffens direkteur Van Opzeeland om safolle wurk dat in diel fan de bou útbestege wurdt oan in bedriuw yn België.