Antonov-tastel op fleanbasis

01 okt 2014 - 15:18

Op 'e fleanbasis yn Ljouwert is woansdeitemiddei in Antonov transportfleantúch oankaam. It tastel sil materiaal fan de fleanbasis nei Jordanië bringe foar de IS-missy yn Irak. Ut Ljouwert wei wurde 250 militêren útstjoerd. Ek sille seis F'16-s fan de basis meidwaan oan de missy. Nei alle gedachten geane de Ljouwerters dizze wike noch fuort.

It transportfleantúch mei materiaal foar de missy giet woansdeitenacht al fuort.

(advertinsje)
(advertinsje)