Ganeeske delegaasje yn SWF

De Ganeeske delegaasje is ûnder de yndruk fan in besite oan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy besite stiet yn it ramt fan wetter. Se besjogge hoe't smoarch wetter út in Snitser wyk suvere wurdt. Dêrneist hawwe se op besite west by Empatec, om te sjen hoe't minsken mei in beheining oan it wurk kinne.
De delegaasje bestiet út 15 Ganesen, dy't út it bedriuwslibben, beropsferienings en de oerheid komme.