Utstalling oer honger-evakuees

01 okt 2014 - 12:51

Yn it Verzetsmuseum yn Amsterdam is oant 2015 de útstalling Naar de boeren! te sjen. Yn de eksposysje steane ferhalen fan eardere honger-evakuees sintraal, lykas jonge bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch út de Ranestêd mei skippen nei it noarden brocht waarden. Ien fan har wie kaberatier Paul van Vliet, hy fertelt oer de perioade doe't er by in famylje yn Garyp wie en Frysk learde.

It museum hat de útstalling gearstald om't it fynt dat 70 jier nei de ein fan de oarloch de ferhalen fan de jonge evakuees net fergetten wurde meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)