GGD komt mei jongere-webside
GGD-Fryslân hat woansdei in nije webside foar jongeren mei problemen presintearre. Op www.jouwggd.nl kinne se chatte mei eksperts en fragen stelle. De stap foar jongeren om oer har problemen te praten is faak grut.
De GGD wol sa de stap lytser meitsje. De chat is anonym en foar elkenien tagonklik.