Persburo Penn is fallyt

01 okt 2014 - 11:55

Persburo Penn yn Ljouwert is troch de rjochter fallyt ferklearre. It buro, benammen bekend fan Klaas Jansma, jout boeken en tydskriften út oer benammen it skûtsjesilen en fersoarget kommunikaasjetrainingen.

It is net bekend hoefolle minsken oft der noch by it bedriuw wurken en oft der wurke wurdt oan in trochstart. Penn fersoarge yn it ferline korrespondintskippen yn Fryslân foar ferskate media lykas it ANP. it AD, it Nieuwsblad van het Noorden, de Telegraaf en Trouw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)