Argyf Opsterlân nei Wolvegea

01 okt 2014 - 11:15

It gemeente-argyf fan Opsterlân wurdt oer in pear wiken nei it gemeentehûs fan Weststellingwerf brocht. De argyfromte yn it gemeentehûs yn Beetstersweach is oan ferfanging ta. Alde argyfstikken driigje oantaaste te wurden troch focht.

It gemeentebestjoer hat dêrom besletten om it grutste part fan de argyfstikken nei Wolvegea te bringen yn stee fan in djoer nij klimaatsysteem oan te skaffen. Weststellingwerf hat yn syn argyf noch genôch romte oer foar it opslaan fan argyfstikken fan de gemeente Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)