Damwâldster hat wapens yn hûs

01 okt 2014 - 10:05

Yn Damwâld hat de plysje tiisdeitejûn in 44-jierrige man út dat plak oanhâlden om't er ferskate wapens yn syn hûs hie. De plysje hie in tip krigen dat de man in fjoerwapen hawwe soe. De man ûntkende earst, mar sei op it lêst wêr't er it wapen ferstoppe hie. De plysje fûn in revolver mei munysje en in mes. De wapens binne yn beslach naam. De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Damwâld wapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)