Feanster fytster bestellen
In 47-jierrige fytster fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn bestellen fan har tas mei mobyltsje. Se fytste op it Toellân doe't in oare fytser har oanspruts. Dy man twong har om de telefoan ôf te jaan. Hy treau de frou om, pakte har tas en naaide út. De frou kaam mei de skrik frij. Se hat oanjefte dien.