Oare rûtes by Werpsterhoeke

01 okt 2014 - 09:48

Ferkear by Ljouwert moat fan kommende moandei ôf rekken hâlde mei wer oare rûtes by de Werpsterhoeke. De belangrykste wiziging is dat it ferkear fan en nei de súdkant fan Ljouwert dan fia de nije Overijsselselaan giet en net langer fia de Overijsselseweg.

By de Werpsterhoeke wurdt oan nije diken wurke. Om der foar te soargjen dat ferkear der wol lâns kin, binne tydlike rûtes oanlein. De nije rûtes wurde mei buorden oanjûn. Rykswettersteat warskôget derfoar dat de nije situaasje wolris files opsmite kin.

De rydrjochtingen tusken Drachten en Hearrenfean wizigje op syn lêst 13 oktober. Dat is de lêste tuskenfaze foardat it knyppunt ein dit jier folslein iepensteld wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)