Opsterlân moat besunigje

30 sep 2014 - 20:54

De gemeente Opsterlân moat de kommende trije jier 3 miljoen euro besunigje. Dat is it gefolch fan hegere útjeften oan útkearings, tsjinfallers by de ferkeap fan grûn en besunigings by it Ryk. Om de begrutting slutend te hâlden wurdt takom jier in pear ton út de algemiene reserves helle en ferlitte tsien amtners de organisaasje. Fan twongen ûntslaggen is gjin sprake. De ozb sil ek takom jier net omheech gean.

Opsterlân bliuwt jild stekken yn projekten as it Polderhoofdkanaal, ferbettering fan it sintrum fan De Gordyk en de bou fan skoallen.

De gemeenteried sil freed oer de begrutting te set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)