Rjochtsaak om subsydzje

As de provinsje woansdei de rjochtsaak tsjin natuerorganisaasje Bosk en Greide út Gaasterlân ferliest, dan giet se net yn heger berop. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Ek Bosk en Greide hat tasein dat se harren dellizze sille by it beslút fan de rjochter. Bosk en Greide wol fia de rjochter foarkomme dat de provinsjale subsydzje oan de organisaasje stopsetten wurdt.
Neffens de natuerorganisaasje hawwe se noch rjocht op jild oant 2018 omdat dat de oarspronklike eindatum fan it projekt is.
Bosk en Greide is al jierren dwaande mei de oanlis fan nije natuer yn Gaasterlân. Neffens de organisaasje moatte der noch in pear saken oanlein wurde om it projekt ta in sukses te meitsjen. No de subsydzje stopsette, soe der foar soargje dat it wurk fan de ôfrûne jierren foar neat west hat.