Partikulier sparret mear

30 sep 2014 - 17:00

Nederlanners sparje mear en stean minder faak read. Ut ûndersyk fan it platfoarm Wijzer in Geldzaken docht bliken dat minsken bewuster mei jild omgean. Noch mear as ferline jier tinke minsken goed om de beurs en wurdt gjin jild útjûn oan saken dy't net echt nedich binne. Ien op de seis Nederlanners leit jild achterút foar mindere tiden.

Ekonoom en finansjeel sjoernalist Erica Verdegaal is net ferbjustere troch de útkomsten. Yn tiden fan krisis keart de wâl it skip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)