Oerstreamt myn hûs?

Friezen kinne sûnt koart op de webside overstroomik.nl sjen wat se ferwachtsje kinne by in oerstreaming. De side jout per postkoade oan hoe heech oft it wetter komme kin en wat minsken dwaan moatte as it wenplak ûnderstrûpt. Der is ek in app lansjearre mei itselde tema.
De webside is in inisjatjyf fan de ryksoerheid yn gearwurking mei ferskate partijen, wêrûnder Wetterskip Fryslân. It doel fan de webside is minsken yn 'e kunde komme te litten mei de risiko's by in oerstreaming. Der stiet ek hoe't minksen harsels rêde kinne yn need.