Friezen op wetterbeurs USA

30 sep 2014 - 16:28

Fryske bedriuwen hoopje oarders binnen te heljen op in beurs oer wettertechnology yn New Orleans yn Amearika. Dêr is fan 'e wike de belangrykste wetterbeurs yn Noard-Amearika. Fiif Fryske bedriuwen presintearje harsels op de beurs. Se hoopje kontakten te lizzen en oarders binnen te heljen.

De Nederlânske wetterbedriuwen stean der goed op yn it bûtenlân, fertelt direkteur Hein Molenkamp fan de Ljouwerter Water Alliance. Dy organisaasje soarge derfoar dat de Fryske bedriuwen oanwêzich binne op de beurs.

De bedriuwen dy't harren presintearje yn New Orleans binne Paques út Balk, BlueLegMonitor en Landustrie út Snits, DMT fan De Jouwer en Berghof Membranes út Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)