CU: "Tink om grut materieel"

30 sep 2014 - 16:24

De ChristenUnie yn de gemeente Achtkarspelen wol dat de gemeente tenei better sjocht nei de feiligens by grutte wurken. Oanlieding is in skoalfuotbaltoernoai op 'e Harkema, earder dizze moanne. Flak njonken de fjilden dêr't de bern spilen waard mei grut materieel wurke oan in nij keunstgersfjild. Dêr waarden ûnder oare frachtweinen en oanhingers ynset. Neffens riedslid Douwe van Oosten fan de ChristenUnie wie de situaasje op en njonken it fjild dêrtroch te gefaarlik. Hy hat dêrom fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

De gemeente lit witte dat se net op de hichte wiene fan it wurk mei grut materieel, mar dat se der al gau in melding fan krigen hawwe. Dêrnei is de oannimmer frege om dy dei op in oare lokaasje oan it wurk te gean. Neffens wethâlder Max de Haan sil tenei wol better sjoen wurde nei wat der bart om in skoaltoernoai hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)