Akkoart oer rieden fan advys

30 sep 2014 - 16:01

Der is in akkoart oer de nije rieden fan advys nei de oername fan de EVT troch Doeksen. De gemeenten Skylge en Flylân, EVT en de klantepanels fan de beide eilannen binne it iens wurden en it ryk kin him dêryn fine.

De rieden moatte yn de gaten hâlde oft de ôfspraken dy't by de oername makke binne neikommen wurde, bygelykas oer de tariven fan de oertocht. Skylge en Flylân krije elk in ried mei fiif of seis leden. Sy fertsjintwurdigje de hoareka, busbedriuwen en eilânbewenners. Op 31 oktober is de ynstallaasje fan de rieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)