Opûnthâld by Van Panhuysbrêge

Ferkear dat oer de Van Panhuysbrêge by Tsjerkwert wol, moat fan woansdei ôf rekken hâlde mei opûnthâld. Omdat der oan de brêge wurke wurdt, komme der stopljochten te stean. De Van Panhuysbrêge krijt op dit stuit in grutte opknapbeurt. Sa wurde stielen tuorren en it kontragewicht renovearre en wurdt de elektryske ynstallaasje fernijd.
Neist de opknapbeurt wurdt de brêge ek geskikt makke foar betsjinning op ôfstân. Dat sil dan dien wurde op de Súdergoabrêge yn Warkum. It wurk moat takom maitiid klear wêze.