Ljouwerter mei dea bedrige

30 sep 2014 - 10:08
Foto: Omrop Fryslân

In 46-jierrige Ljouwert is moandeitenacht oppakt om't er in stedsgenoat fan 34 jier mei de dea bedrige hat. De fertochte wie dêrnei útnaaid.

It slachtoffer hie him yn in tún fierderop yn de strjitte ferberge. De eigener fan de tún seach dat en wârskôge de plysje. Dy hat doe om de fertochte socht en him letter op de Bleekleane oanhâlden.

Trefwurden: 
Ljouwert deadsbedriging
(advertinsje)
(advertinsje)