Plysjekontrôle by Sint-Jânsgea
By in kontrôle op te hurd riden op de Streek yn Sint-Jânsgea hawwe moandei 22 bestjoerders in bekeuring krigen. De hurdste ried 69 kilometer yn de oere, wylst op de dyk 50 riden wurde mei. Ien bestjoerder waard by de kontrôle mar leafst trije kear trappearre. Der waarden hast 240 auto's kontrolearre.