Gaslucht yn hûs Grou
De brânwacht yn Grou is moandeitejûn útrukt fanwege in gaslucht yn in wenning oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei. De bewenners rûkten de lucht. Se draaiden de gaskraan ticht en gienen nei bûten. De brânwacht hat mjittings dien, mar koe gjin hege konsintraasjes gas fine. Enexis sil ûndersykje wat de oarsaak fan de gaslucht west hat.