Jong H'fean nei winst oan kop

29 sep 2014 - 21:34

Jong Hearrenfean hat mei de 1-0 winst op Jong NEC/FC Oss de lieding naam yn divyzje B fan de beloftekompetysje. Yn Nijmegen krigen de Feansters fan trainer Tieme Klompe yn de earste helte de bêste kânsen, mar skoard waard der net. Earst yn de 77e minút sette Pascal Huser Jong Hearrenfean op foarsprong. Fan de râne fan de 16-meter skeat er de bal tsjin de touwen. Jong Hearrenfean hat no njoggen punten út fiif wedstriden.

Takom moandei komt Jong Almere City FC nei sportpark Skoatterwâld.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)