Drone yn Langwar delstoart

29 sep 2014 - 20:53

De plysje hat moandeitemiddei yn Langwar in delstoarte drone fûn. De wite drone fan it merk Phantom waard fûn yn de tún fan in wenning oan de Boarnsweachsterdyk. Oan de drone hong in kamera. Op it kaartsje yn de kamera wie te sjen dat der út de loft wei opnamen makke binne fan it fuotbalfjild.

Tiisdeitemoarn hat de eigener fan de drone him meld by it plysjeburo yn Snits. Hy krijt it apparaat werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)