Drok by Jouster merkekoersen

It wie moandei âlderwetsk drok by de Jouster merkekoersen. Sa'n 2500 besikers seagen op de Nutsbaan fan De Jouwer ûnder fantastyske omstannichheden nei de tsien koersen. Neffens foarsitter Gerard Steeman fan de Harddraverij- en Renvereniging Joure libbet dit evenemint noch altyd en komme der ek hieltyd mear jongeren. Ek al draait it om de hynstesport, de merkedraverij hat ek in heech reünygehalte: Jousters en âld-Jousters moetsje inoar en hawwe tiid om wer ris by te praten.